Pearke teatsen 12 juli 2015

Pearke keatsen om it iepen kampioenskip fan de gemeente Littenseradiel, foar de njoggende kear organisearre troch K.F. Jacob Klaver. Wa’t de wiken foarôfgeand fan it Teatsen op facebook of twitter fan Jacob Klaver sjoen hie, hat der grif wat fan meikrigen. It wie suver in soarte fan spam, it oandacht freegjen en lobbyen foar it pearketeatsen, troch foaral Baukje en Lyssa, de grutte promotors fan dit barren. It die fertuten want mei 59 partoeren hiene we in prachtige keatslist. D’r wurdt spile mei in winners en ferliesers omloop. D’r binne dizze dei sadwaande 86 teatspartijen. Under lieding fan Sjirk en Jelle binne d’r njoggen teatsfjilden útlein. Hjirfoar moatte jo hegere wiskunde studearre hawwe, oars slagget it nea!

De wedstriidieding waard fersoarge troch Geart en it waard wer in moaie teatsdei. Ek it waar wie ridlik, it drige faak, mar it bleaun lang droech. Allinne yn de neimiddei hat it in skoftke reint. Tsjin sân oere foel de lêste teatsslach en waarden de prizen útrikt. De winst gong nei it sterke Spannumer duo Richtsje Strikwerda en Duko Harkema. Om ta de winst te kommen moasten hja seis kear teatse. Hja moasten fuort al goed oan de bak tsjin it partoer fan Elske Kuipers en Rik Bekema fan Nylân. Op 5-3 en 6-6 gong de winst nei Richtsje en Duko. De twadde, tredde en fjirde omloop waard frij ienfâldich wûn. Hja krigen mar trije tsjinearsten. Marde heale finale wie in oar ferhaal. Seriette Strikwerda en Ydo Harkema, beide fan Spannum en winners yn 2014, wiene de tsjinstanners. It waard de bêste, moaiste en spannendste partij fan de dei. Pas op 5-5 en 6-6 makke Richtsje in ein oan de partij troch de keats foarby te slaan. Yn de finale troffen hja Joanne Anema en Jan Evert Anema fan Weidum. De Weidumers hiene yn de fjirde omloop in hiele spannende partij teatst. Pas op 5-5 en 6-4 wisten hja fan Lyssa van der Ende Mantgum en Bote Srikwerda Spannum te winnen. De heale finale tsjin Afke Kuipers Reduzum en Arjen Kaversma Mantgum waard op 3-5 en 4-6 beslikke. Yn de finale die bliken dat de Weidumers net opwoeksen wienen tsjin de Spannumers. Op 5-2 en 6-0 foel de lêste slach. De finale fan de ferliesers omloop wie spannender. Dizze eindige op 4-5 en 4-6 yn it foardiel fan de Miedema’s fan Hylaard. Utslach: 1e pr. Richtsje Strikwerda Spannum en Duko Harkema Spannum 2e pr. Joanne Anema Weidum en Jan Evert Anema Weidum 3e pr. Seriette Srikwerda Spannum en Ydo Harkema Spannum 4e pr. Afke Kuipers Reduzum en Arjen Klaversma Mantgum 5e pr. Baukje Stienstra Mantgum en Arie de Jong St. Jabik 5e pr. Anneree Julianus Marsum en Pieter Klaversma Mantgum 5e pr. Sybrich Veenstra Weidum en Rutger Oostra Weidum 5e pr. Lyssa van der Ende en Bote Strikwerda Spannum 1e pr. ferl. Martine Miedema Hylaard en Haaye Miedema Hylaard 2e pr. ferl. Elske Kuipers Nylân en Rik Bekema Nylân 3e pr. ferl. Tsjikke Zijlstra Ginnum en Renze Miedema Hylaard 3e pr. ferl. Margriet de Vries Grins en Kevin Groothuizen Grins It wie lange tiid noch ûnrêstich yn, en op it terras fan, de Wjukken, dêr’t op de klanken fan “live” muzyk fan Jan Nota noch in moai feestje wie.

Geplaatst op 12 July 2015